De Havensbank: Jannewaris 2020 - page 11

Bêste minsken,
It nije jier is noch mar krekt
begûn en de soos hat no alwer
twa prachtige feesten hân.
Op snein 12 jannewaris hienen
wy nammentlik de twadde edysje fan it
Wintermatinee. In stampfolle soos krige troch de
sankjes en klankjes fan Orkest Butterfly in déjà vú nei
de merke en de simmer. It wie in bjusterbaarlik
feestje, dêr’t hast gjin ein oankaam. Op sneon 18
jannewaris wienen de mannen fan Mooi Wark oan de
beurt om it dak fan de Bidler der ôf te blazen, in feest
dêr’t wy as bestjoer al in skoftke nei út seagen. Mei in
útferkochte seal en nûmers as ‘In de blote kont’ en
‘Schijt aan regels’ stie de Bidler op harren kop en wie
ek dit wer in sear slagge jûn.
No’t wy op ’e helte binne fan it seizoen, woene we ek
efkes foarút blikke op de kommende feesten en
eveneminten. Fan freed 14 oant en mei snein 16
febrewaris hâlde wy wer it jierlikse Caribbean-wykein.
Mei in cocktail-night op de freedtejûn, DJ All Tha Fokk
op sneon en it wolbekende Jeu du Soos as ôfsluter op
de sneins hoopje wy dat it in gesellich en simmersk
wykein wurde sil. Dêrneist sil der sneons ek wer in
kindercaribbean organisearre wurde, dêr’t de
basisskoalle bern harren yn ’e soos fermeitsje kinne
ûnder it genot fan in pûdsje chips, in gleske ranja en
simmerske hitsjes.
Op sneon 29 febrewaris wurdt it tradisjonele Sequelz
wer organisearre.
In fiiftal DJ’s, wêrûnder de local hero DJ The Mentalist
(Wieger de Boer) sille in jûn lang muzyk draaie fan it
hurdere segmint. Dat wurdt dus lekker meistampe op
de beat.
Sa as de measten miskien al fernaam hienen, bestiet
de jeugdsoos dit jier 50 jier. Dit kinne wy natuerlik
net oan ús foarby gean litte en dêrom wolle wy
graach de datum fan it jubileum-wykein bekend
meitsje. It 50-jierrich jubileum fan de jeugdsoos sil
plak fine yn it wykein fan 25 oant en mei 27
septimber 2020. De freeds is der foar alle âld-
bestjoersleden in reüny, sneons komt de band Proost!
yn’e Bidler en op snein sille The Bounty Hunters it
wykein ôfslute yn ’e soos. Wy hoopje dit prachtige
jubileum mei eltsenien te fieren.
Hâld foar mear ynformaasje oer de kommende
feesten ús Facebookpagina:
/
of
Instagramaccount:
yn ’e gaten. Dêrnjonken fergaderje wy eltse wike op
woansdei fanôf 19:00 oere, dus mochten der fragen
of opmerkingen wêze dan binne jo fan herte wolkom,
of mail efkes nei:
.
Foar de rest binne wy noch gewoan elke freed en
sneon iepen fanôf 20:00 oere en sneins fanôf 15:00
oere. Ek dan hawwe wy it bier en fris kâld stean, dus
kom gerêst ris in kear del!
Groetnis,
It SZDRNZLL bestjoer
Werkgroep Mienskip/ enquête
Omdat niemand zich gemeld heeft met het
winnende lotnummer hebben we in
december/Kerst voor
€ 50,00 aan levensmiddelen aan de Voedselbank
geschonken.
De werkgroep heeft diverse wensen/ideeën uit de
enquête er vooreerst uitgehaald en neergelegd bij
b.v. de Jeugdsoos, het café en ús Doarpshûs, of
bij diegenen van wie we dachten daar wellicht iets
mee te kunnen.
Hierbij doen we ook een oproep aan
dorpsgenoten die er voor voelen om 1 x per week
of 14 dagen in groepsverband te willen
handwerken, breien of leren breien.
Heeft u vragen of wilt u zich opgeven dan bij
Geertje Sytema, tel.: 058-2552986.
Ook kwam uit de enquête de vraag om een
Pannakooi. Wie wil(len) zich daar sterk voor
maken dat te realiseren? Dus locatie, gemeente,
kosten uitzoeken e.d.
Bij vragen kunt u terecht bij Paula Wobbes tel.
nr. 058-2551784. Wij houden u op de hoogte via
de Havensbank.
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...32
Powered by FlippingBook