De Havensbank: Jannewaris 2020 - page 5

Fan ‘e redaksje
De desimber-puzel fan 2019
Wy hawwe ek dit jier wer in moai protte goeie
oplossingen binnen krigen dus moast der wer lotte
wurde. It wurd dat wy sochten wie “Gezondheid”.
De Wergea-Oerein kadobonnen binne wûn troch:
Joukje v.d. Meij en Maria de Geest.
Lokwinske!
Aanpassing Abonnementsgeld 2020
In verband met de al maar stijgende portokosten zijn we genoodzaakt het abonnementsgeld te verhogen naar
€ 30,00
. Wilt u dit bedrag overmaken op ons ING-bankrekeningnummer NL08 INGB 0003 6560 00.
Alvast bedankt!
De penningmeester
In goed begjin is in daalder wurdich
€ 15,00: L.T.-v.D. en J.T., G.T.C.v.d.W.
€ 25,00: H.J.d.V. en T.d.V-A., F.T.-T., J.T.
€ 10,00: W.M.M. en E.G.M.-v.d.L.
€ 20,00: M.A.G.S., J.H.-W.
€ 50,00: VOF.d.B.-S
Freugdepotje wol gebou jeugdsoos keapje
It Freugdepotje hjir yn Wergea bestiet al sûnt 1980 en is altyd hiel nei ferbûn west mei Jeugdsoos SZDRNZLL.
Yn 1980 wie der wat jild oerbleaun fan it earste lustrum jubileum fan SZDRNZLL. It idee wie toen dat it miskien
ferstannich wêze soe om dat jild wat apart te hâlden om it brûke te kinnen as de jeugdsoos foar grutte kosten
kaam te stean of oare jildsoargen krije soe. Wy trijen krigen dy taak opdroegen troch it doedestiidse SZDRNZLL
bestjoer. Yn al dy jierren hat it Freugdepotje in tal kearen de jeugdsoos helpe kinnen.
Neist it behearen fan it jild krige it Freugdepotje sa troch de tiid hinne ek in oare betsjutting foar SZDRNZLL. Wy
waarden in soarte fan klankboerdgroep foar it soosbestjoer. Wy prebearren, at dat noadich wie, de ferbining
tusken doarp en soos te wêzen. Ek ha wy in pear kear mei it soosbestjoer petearen hân by de gemeenten
Boarnsterhim en letter Ljouwert. Altyd mei it útgangspunt: It soosbestjoer is en bliuwt selfstannich en sels
ferantwurdlik, It Freugdepotje stiet harren altyd by mei rie en soms mei die.
De relaasje tusken jeugdsoosbestjoer en Freugdepotje hat bewezen goed te wêzen en dat no al sa’n 40 jier.
Dochs feroaret der wat. It gebou dat SZDRNZLL al 50 jier brûkt is it eigendom fan de eardere St.
Martinusparochie fan Wergea en no de St Vitusparochie te Ljouwert. Twa jier lyn is der tusken soosbestjoer en
St. Vitusparochie in gebrûkersoerienkomst makke der’t de mooglikheid yn opnommen is dat jeugdsoos
SZDRNZLL it gebouw keapje kin. Uteraard as beide partijen it dan iens wurde kinne oer de priis.
It Jeugdsoosbestjoer en Freugdepotje ha beslúten dat sy prebearje wolle om it gebou te keapjen en deroer mei
de parochie fierder prate te wollen.
Om deselfde reden wêrom yn 1980 SZDRNZLL beslúten hat om it ekstra jild bûten de soos beheare te litten hat
sy no besletten dat net SZDRNZLL it gebou keapje wol mar ha sy frege as it Freugdepotje dat foar har dwaan
wol. Wy hawwe tasein dat te wollen en dêrta in Stichting Freugdepotje oprjochtsje te sillen. Yn de statuten fan
de nije stichting is de neie en ûnferbreklike ferbining tusken SZDRNZLL en Freugdepotje neidruklik fêstlein.
Om in gebou te keapjen moat der jild komme en dat is der net. Boppedat wolle wy Freugdepotje en Jeugdsoos
net mei skulden opsadelje. Dus wy wolle prebearje it oankeapbedrach yn syn gehiel mei subsydjes en aksjes by
elkoar te skarreljen. De kommende tiid sille jim der wol mear fan hearre.
Mei út namme fan Jeugdsoos SZDRNZLL,
de leden fan it Freugdepotje:
Rimmie Tijsma-Sinnema
Jan Meinderts
Tom Kamsma
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...32
Powered by FlippingBook