De Havensbank: Oktober 2020 - page 3

Jeften
De kroade wol wol rôlje, mar jo moatte him wol skowe
€ 30,00: H.K. en A.K.-H.
€ 200,00: N.d.J.
Oant safier dit digitale jubileum, en mei dank oan de mannen fan WYW (sit der gjin froulju yn dizze groep?).
De hearlike taart, hielendal passend makke mei de tekst:
De Havensbank 10 jier digitaal
is op.
De redaksje winsket alle lêzers in goede digitale hjerst yn dizze Corona-tiid.
Hâld hoek!
Franciske
Tige tank!
Alhoewol’t de Corona hiel wat byienkomsten en feestjes
tsjinhâldt, ha wy dochs genietsje kinnen fan ús 50-jierrige
troudei en Baukje har jierdei op 6 oktober 2020.
Wat in grutte ferrassing doe’t we moarns ûnder kamen en
de hiele tún fersierd wie mei ballonnen en flachjes. Der
stie sels in spandoek yn ‘e tún en alle bewenners fan Lyts
Sinia hiene de flagge út. Geweldich allegear!
De bern hawwe dat allegear regele sûnder dat wy it
wisten. De blommewinkels hawwe dy dei goeie saken
dien, de keamersdoar hinget fol mei kaarten en de app en
de tillefoan ha net stilstien.
Wy wolle eltsenien bedanke dat wy, hoewol’t wy net in
feest hâlde koene, dochs in moaie dei hân hawwe!
Geert en Baukje van Wieren
Neidat wy 75 en 50 jier yn't Leechlân
wenne hawwe ferhúzje wy, Henk en
Anneke Kalsbeek per 2 november
2020 nei Prins Clausplein 32, 8935
DB yn Ljouwert.
Oant sjen!
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook