De Havensbank: Oktober 2020 - page 1

Praat fan de Bidler
Wy binne der noch net
Wer in soad parren
Boartersplak yn Grut
Palma?
10 jier digitaal
Rôljende kroade
Gjin yntocht?
Ton falt yn Wergea
Gokke mei de Kriich
Faker mei de bus
Fjildman en
folksskriuwer
De Havensbank 10 jier online/digitaal!
Tongersdeitejûn 22 oktober ha we de redaksjefergadering fan de Havensbank.
Coronamaatregelen skriuwe foar dat we mei 1 persoan te folle binne om
byinoar te sitten.
De redaksje is fan it folchsame soarte minsken dat we ha beslúten net dwers
te wêzen en ûnder besielende lieding fan Emiel fia Google DUO de agenda en
kopy troch te nimmen.
No hat Wietse Martens de ôfrûne wiken wakker mei Ypie hinne en wer maild
mei de fraach om tidens de gearkomste tiid yn te romjen foar Wurkgroep
Ynternet Wergea. Nimmen fan ús hat troch wat er sa wichtich is en it makket
dat wy tige nijsgjirrich binne. Stipt 20 oere klopje neffens ôfspraak Arjen en
Piet fan de WYW oan by Ypie. Kompleet mei mûlkapke. In moaie donkerreade
doaze fan de Wergeaster bakker yn de hân.
Gelokkich komme de mannen gau ta de saak: de Havensbank is hjoed op de
kop ôf 10 jier lyn foar it earst digitaal gien. Alert fan de wurkgroep WYW.
Tiden ha tiden en sa is it ek mei de Havensbank. Dit jier it 60-jierrich bestean
en 10 jier online. Fuort ek moai om de grûnslach fan de Havensbank hjir te
melden.
In augustus 1960 vond de start plaats van een gratis maandblad voor Wergea
en omstreken. Het bestuur van ‘Us Doarpshûs’ was, in samenwerking met
Plaatselijk Belang, van mening dat het handig was één mededelingenblad te
verspreiden, waarin alle verenigingen hun wetenswaardigheden kwijt konden.
Vandaag de dag zijn bijna alle verenigingen, stichtingen e.d. door contributie
te betalen lid van de Havensbank en is het niet alleen een mededelingenblad,
maar komen ook andere zaken aan de orde.
Oktober 2010 meldt ‘Fan de Redaksje’: Wy geane mei de tiid mei. Fan no ôf is
de folsleine Havensbank ek te lêzen op
. Tige nijsgjirrich.
Voor het allereerst in de Havensbank geschiedenis is deze online te lezen.
Deze online versie van de Havensbank is identiek aan het gedrukte exemplaar
welke kosteloos in Wergea en omstreken wordt bezorgd.
Der wiene eartiids wol wat redaksjeleden dy ’t it earst net sa sitten seagen om
de HB digitaal te setten. Wat docht dat mei ús adfertearders en ha we der dan
sels noch genôch oer te sizzen? It omslachpunt siet him yn in demo fan de
digitale Havensbank wêr’t bliken die dat by it omslaan fan de siden in aardich
plopgelûdsje te hearren wie, doe wie de hiele redaksje om.
De digitale ferzje hat fansels foardielen, bygelyks yn de sin fan kleuren en it
trochlinken nei websiden fan adfertearders. It is in fantastysk neislachwurk.
As redaksje witte we ek dat it noch folle aktueler kin as no.
De Wurkgroep Ynternet Wergea is benijd en soe graach ris hearre hoefier as
de digitale Havensbank de wrâld yn giet? De mooglikheden bin fansels
“worldwide” mar it soe aardich wêze as we fan lêzers bûten Wergea en
omkriten ris hearre fan wêr op de wereld as se de digitale Havensbank lêze.
60
jier
Oktober 2020
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook