De Havensbank: Desimber 2020 - page 3

Dat tinke der trouwens mear… Yn it Himelfeartswykein wie it sa drok, it skûtsjesilen ûntbruts der noch oan, it like
wol boufak yn de Alde Feanen. Allemachtich, alles wat farre koe dat fear en it kaam oeral en nergens wei as wie it
yn Fryslân te heljen… sjonge jonge de simmerfakânsje moast noch al komme, dat beloofde wat!
De simmerfakânsje! Dêr wiene we oan ta… allinne dy net útnûge gast gong net mei fakânsje, we tochten dat er ‘m
miskien wol deljûn hie of sels ôftaaid wie, mar nee hear, ein septimber en oant no ta rukt er allinne mar mear op!
De sinne lit it ek al wat ôfwitte de lêste wiken, it waar sjocht griis en damp om him hinne.
Al mei al hat dizze gast ús aardich yn ‘e besnijing, want mei it kommen fan dizze gast kin ik in hiele list opneame
fan allegear gesellige, leuke, sportive, oars sa gewoane ferdivedaasjes, byienkomsten, skoalle, stúdzje, jierdeis,
kaartjûnen, kafeejûnen, muzykrippetysjes, foarstellings, jubilea, fuotbal- en keatswedstriden en eveneminten dy ’t
no net troch gean koene. Ik neam in pear dingen:
- Halbertsma Toaniel “Swart is sa tryst”
- de ienakters fan it Jongereintoaniel
- de bysûndere betinking “Wergea en Wergeasters yn oarlochstiid”
- de rommelmerk
- de foarstelling Ferknipt
- de WWS knobbeltocht
- de Merke
- it Skoalfeest
- it feestlike wykein y.f.m. it 50 jierrich jubileum fan jeugdsoos SZDRNZLL
Om net al te pessimistysk te wêzen, neam ik ek wat aktiviteiten dy ’t wol trochgean koene en inkele nije
inisjativen. Wat te sizzen fan:
- blommen en krûden lâns it Hekkemiedepaad
- de befaamde slotjûn fan de Nifelsouder
- de duofyts hat sa folle as mooglik ûnderweis west
- de sprokkeltocht, in wandeltocht yn ’t tsjuster yn en rûnom Wergea
- in ferbouwing ûnder de toer yn ‘e Bidler
- in spik splinter nij restaurant “Oan Tafel” wat yn in pear moanne tiid net mear fuort te tinken is yn
de kulinêre wrâld
- bûtendoar tennisje
- it bestean fan Perspektyf is in feit
- alternative Sint Maarten optocht
- in heus Sinteklaze-journaal mei ús eigen Triuwerke Silinder
- doar oan doar in fioeltsje mei de Peaske en in hoopfol ljochtsje foar no fan de gesamenlijke tsjerken
Warten Wergea Warstiens
In skoftke lyn lêsde ik yn ’e krante dat “Fryslân fielt as it bêste lân fan d’ ierde”. Ut ûndersyk docht bliken dat wy
de lokkichste minsken fan Nederlân binne en tefreden binne mei it libben.
Doe tocht ik: lit ik ris even by ferskate minsken yn myn omjouwing hifkje hoe tefreden oft sy dit jier
yn ’t libben stiene. Myn fraach wie: “As ik sis 2020, wat seisto dan? en as ik sis 2021, wat seisto dan?”
In 8-jierrige:
2020: “It wie net leuk dat we net nei skoalle mochten, heit en mem binne net echt in goeie meester en juf. We
hawwe wol in protte bûten boarte en we krigen ek bûten dûnsles. In tiidsje lyn hawwe alle klassen leuke
filmkes makke op skoalle dy ’t de oare klassen sjen kinne.”
2021: “Dat de sporten wer troch gean, dat we wer nei dûnsles kinne en dat we wer trakteare meie op skoalle.”
In 13-jierrige:
2020: “Drama!”
2021: “It leafst better as dit jier”
In 17-jierrige:
2020: “Saai, gjin feesten, nergens mear leuk mei elkoar sitte”
2021: “Ik hoopje dat it yn ’e simmer wer better wurdt, en as je allinne méi faksinaasje nei in festival meie dan lit
ik my faksineare”
In 22-jierrige:
2020: “Saai, teloarsteld dat it soosjubileum net trochgean koe.”
2021: “Ik hoopje op iets mear gesellichheid en ik hoopje dat wy einliks in hierhûs tawiisd krije yn Wergea.”
In 28-jierrige:
2020: “Hearlik waar, sinne, lekker op it wetter, swimme, hearlik yn ‘e tún. It thúswurkjen befoel my wikseljend, it
ferrast my wol hoefolle der digitaal kin. Ek wie it in tiid fan kreativiteit. Uteinlik mis je toch it echte kontakt
mei de minsken. O en ik betink my dat troch de ferplichte earste lockdown yn maart je in adempauze krigen
dy’t eins hielendal net sa ferkeard wie, soms moatte je safolle fan je sels en no waard alles foar je stillein.”
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...36
Powered by FlippingBook