De Havensbank: Desimber 2020 - page 5

2021: “Ik leef by de dei, oer 2021 haw ik eins noch net neitocht. Ik hoopje dat we elkoar wer écht treffe meie”
In 38-jierrige:
2020: “Yn myn wurk yn ‘e soarch tink ik oan de saamhorigheid, dingen oplosse mei elkoar, en dat we allegear
mear thús wiene wie wol gesellich.”
2021: “Fol goeie moed, it kom wol wer goed!”
In 49-jierrige:
2020: “Dûbeld. Saaklik sjoen hat it ferfelende dingen brocht mar haw ik ek dingen feroare dy’t ik oars pas letter
trochfierd hie. De beperkte frijheid fielde net goed”
2021: “Ik hoopje dat we nei it âlde normaal kinne”
In 56-jierrige:
2020: “Thús wurkje wie prima, mar op in bepaald momint miste ik wol it echte kontakt mei
kollega’s. Ik mis sa wie sa it by elkoar wêzen, de minsken, it spontaan even by ien del gean. Toch realisear
ik my ek dat wy it yn Wergea best lúks hawwe, wy kinne gewoan te fytsen, te kuierjen, yn ‘e tún sitte,
bûten wêze.”
2021: “Dat we sûn bliuwe en dat we wer ûnbefangen fan alles organiseare kinne”
In 64-jierrige:
2020: “Foar my gong alles gewoan troch. Yn it nijs hearre we dat der minsken binne dy’t it hiel dreech hawwe mei
it mear thús wêzen, wylst wy hjir yn Wergea allegear reedlik frij wenje en alle romte hawwe. Ik stoar my
oan minsken dy’t dogge as is it der net!”
2021: “Hope dat der foar iederien wer romte is.”
In 75-jierrige:
2020: “Je misse de gesamenlike dingen, lykas mei jierdeis en Kryst, mar it is no even sa’t it is”.“Wat ik heel erch
fyn is dat inkele minsken dizze krisis fergelykje mei de oarloch”
2021: “We binne der noch net, want as der no noch 8.000 besmettings op in dei binne, sille we noch wol even
geduld ha moatte”
In 76-jierrige:
2020: “In bysûnder jier…”
2021: “Dat wurdt in ferrassing, we moatte ús mar oan de regels hâlde en it mar ôfwachtsje”
Ik tink dat dit jier by ús de boeken yn giet as “It Oardelmeterjier”.
No binne we desimber, dit jier rint nei de ein, de net útnûge gast is noch altiten ús lân net út. Yn al dy moannen
wurde ús dei yn dei út safolle sifers en getallen om ‘e earen slingere dat we hast ferjitte dat achter elk getal,
achter elk sifer in minske sit, dan wol posityf test, dan wol klachten hat, dan wol slim siik wurden is, dan wol heel
slim siik wurden is, dan wol ferstoarn is. En al dizze minsken hawwe famylje en neisten… Dêr meie we wol even by
stil stean.
Litte we sa oan it ein fan it jier ek even stil stean by de doarpsgenoaten en âld-doarpsgenoaten dy’t ferstoarn
binne en in gemis wêze sille foar har neisten en it doarp
11 jannewaris
Grietje Huizenga-Kindermans
83 jier
15 jannewaris
Freerkje Veenstra-Broersma
90 jier
7 febrewaris
Anna de Boer-Helfferich
91 jier
3 maart
Gerard Jan Kalkman
68 jier
22 maart
Willemke Vollema-De Vries
92 jier
4 maaie
Wietske Kamsma-Van der Zweep
93 jier
9 juny
Wiesje Talsma-Lemstra
75 jier
28 juny
Gerrit Hollema
76 jier
6 augustus
Jacob van der Heijde
87 jier
11 augustus
Jan Veenstra
72 jier
8 septimber
Tsjerk Nauta
92 jier
16 septimber
Menno Johan Pothof
71 jier
18 septimber
Hendrik Gerk Kalsbeek
73 jier
18 oktober
Jan Nicolaas Vogelzang
80 jier
31 oktober
Anna Petronella Sinnema-Jorna
91 jier
18 novimber
Boele van der Werff
82 jier
3 desimber
Aeltsje Doutsje de Leeuw-Elzinga
92 jier
10 desimber
Lies van der Vlugt
61 jier
Mei respekt tinke we oan harren werom.
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...36
Powered by FlippingBook