De Havensbank: Febrewaris 2021 - page 11

Ynstjoerd
Reedride
En dan ynienen, nei in wykein mei hurde wyn, froast en snie, leit de feart moarns ticht. It is kwalster en
grûniis. It is snijend kâld mar mei in waarme jas kin ik my dêr tsjin klaaie. It friest nachts ál mar mear en
ek oerdeis bliuwt de temperatuer ûnder nul. Geandewei de wike wurdt der al riden op iisbanen en
ûnderstrûpt lân. It iis yn de feart achterhûs is min, op plakken leit noch gjin fingerdikte. Achter it finster
hâld ik myn hert fêst as guon nei in pear nachten al de earste streken yn it tinne laachje snie sette.
Nei myn ûngemak in pear jier lyn is reedriden foar my eins net mear oan de oarder. Mar as geandewei de
wike de temperatuer nachts al mar mear sakket, it Wiid sterker wurdt, giet myn langstme lyk mei it friezen
op … miskien dochs noch, efkes … foarsichtich tusken de stegers en miskien moarn op ’e neidei hinne en
wer Peenstra? Jûns appt de dochter - as we ek noch in pear redens maat 39/40 lizzen ha. It antwurd is
nee, want … miskien ommers?
Ek op Headamskampen wurdt al riden. As ik rinnende lâns Heamdamsleat gean, skimerje de earste riders
troch de reiden. Ik doch krekt in stap hurder lykas myn hert, dat krekt in slach hurder slacht. Ik sjoch net
allinne riders. In blau swaailjocht skimeret tusken it sêft ferwegen fan de reiden. As ik neier kom hear ik
kermjen fan de brankaar kommen. In âlder frommeske leit derop, ien hân oer de eagen en de oare frjemd
ferwrongen foar it boarst.
By de koek-en-sopytinte jit ik my wat waarmte yn it liif. By it sjen fan al dat ridend folk wurd ik eins fansels
al waarm mar myn oanstriid om op redens is aardich bekuolle. As efkes letter de sike-auto mei blau
swaailjocht stadich fuortrydt, stiet myn eigen rit fan in pear jier lyn my wer helder foar de geast. Nei’t ik
noch wat by it iis omspaan en hjir en dêr mei in bekende wat praat, set ik oer it skulpepaad wer op hûs
oan. Yn it weistjerren fan de iiswille geane myn gedachten as fansels nei sawat 58 jier lyn. Nei myn earste
slaggen op de Foudering yn Wergea oan de stok tusken ús heit en Tytsje (OBAS) yn. Letter mei oare bern
út de nijbou ride op it ûnderstrûpte hoekje bougrûn neist de Foudering. ‘Pake Floris’ fage de baan, bûn ús
sa no en dan opnij wer ûnder. ‘Beppe Teatske’ hie waarme poeiermolke, fage snotnoazen en bewuolle yn
har bûnte skelk de blauwe bernehantsjes. Myn earste loop nei pake en beppe, healwei de Meanewei útpûste
yn de sleatswâl snobjend fan de rezinen, oerholden fan d’ien of d’oare tocht dy’t ús heit earder riden hie. As
bern foar it earst oer Headamskampen - dy ûnmjitlik skitterjende iisflakte dêr’t gjin ein oan skynde te
kommen. Letter al dy oare tochten. Op iere moarn, mei prykjend froastwaar de mearke-eftige wrâld yn. It
wie sokke tiden as gie ik op wjukken.
Jûns thús haw ik it doaske mei foto’s noch wer ris foar it ljocht helle. Tusken alderhande kykjes en oare
nuveraardichheden fûn ik se. Wer hearde ik de wurden fan in pear jier ferlyn –
ik haw myn bêst dien en
hoopje dat jo yn de takomst wer in pear kilometer efterinoar rinne kinne, mar dat is mei oan jo
. Even stie
dy tiid my wer helder foar de geast. De foto’s fan it brutsen ankel mei de pinnen, platen en skroeven kamen
wer yn it doaske. Nei’t ik it deksel der op dien hie, skode ik it mei in djippe sucht wer yn de boekekast en
stjoerde in appke. ‘Helje moarn de redens mar’
De sneontemoarns wie it Wiid fol reedridend folk. Wat hiene de bern in wille. De reade kopkes skoden
glunderjend de feart del. Guon stiene foar it earst op redens. Wa sil sizze wannear’t dit wer koe? Op dit
oantinken soene se faaks jierren tarre moatte. En dan sa’n moaie wrâld ynriede sûnder earne poeiermolke?
Ik seach âlde Floris’ Teats wer op it ein fan it ûnderstrûpte kampke bougrûn dwaande yn harren nocht oan
de wille fan bern op redens en dy middeis stie foar elk dy’t sin oan wat waarms hie, poeiermolke op it Wiid.
Anne Heegstra-v.d. Berg
Warten
Hessel Boermans, Halbe P. vd Berg Hessel Boermans, Halbe P. vd Berg Floris - Teatske
en Maria Sinnema 1966 en Maria Sinnema 1966
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...32
Powered by FlippingBook