De Havensbank: Juny-July 2021 - page 3

Jeften
Allike folle is goed te dielen
€ 20,00: T.d.V-H; J.M.; E.H.-d.B.
€ 19,00: J.M.
€ 25,00: H.F. en G.P.
Leave minsken,
Yn in tiid dat in krûp of in earm om je
hinne safolle betsjutte kin mar wat net
goed mooglik wie is ús heit Tjerk Pol
ferstoarn.
Mar wat ha we nettsjinsteande dizze
nuvere tiid in hiele protte moaie
kaarten en leave wurden krigen. En
wat stiene der in minsken lâns de kant
fan de dyk op ús reis fan de
Kalsbeekstrjitte nei de Bidler.
Wat wie dat moai om te sjen en te
fielen. We wolle eltsenien hjirfoar
betankje. Ek ús mem hat dit
allegearre hiel moai fûn.
Aukje, Eddy, Tjitske, Wim, Gerda,
Hendrik, Tjerk, Tinie, Rudie en bern
FERHUZE!
Nei mear as 66 jier noflik wenjen yn Wergea bin ik
ferhúze nei:
Friesma State De Baai
Oostergoostrjitte 62c keamer 4
9001 CM GROU
Hjirby sis ik ek alle donateurs/lidmaatskippen op.
Groetnis fan Tjerkje de Vries-Hijlarides
De jeugdsoos wie it plak dêr’t we ús earste freondintsjes en ferfolgens ús earste eksen krigen. Us earste kear
spuie fan tefolle drank, ús earste kear fan einliks alles. En ast dan tinkst oan de tiid dêr’t we no yn sitte, ha ik it
dochs wol te dwaan mei de jeugd fan dit momint. Want einliks gun ik elkenien de tiid dy’t ik hân ha yn de soos.
Koen
Van de redactie
Foto's in de Havensbank
Vrijwel iedere maand krijgen wij foto's ter
opluistering van de kopij en daar zijn wij natuurlijk
blij mee! Wel gaan wij er vanuit dat als er
personen op de foto staan deze door de maker van
de foto van tevoren zijn gevraagd of zij geen
bezwaar hebben tegen publicatie in de
Havensbank. De redactie is dus op geen enkele
wijze verantwoordelijk hiervoor.
Hjoed ha wy ôfskie nimme moatten fan myn
leave man, ús leave heit en pake
KLAAS de GROOT
Yn 'e âldens fan 78 jier is hy, nei in dreech skoft,
rêstich fan ús hinnegien.
Bockhorst, 21 juny 2021
Tytsje de Groot - de Boer
bern en pakesizzers
Skriuwadres: Hauptstrasse 6,
26897 Bockhorst (D.)
Moaie oantinkens bliuwe....
Us neisoarchmaat
Henk Boxum
is 25 juny ferstoarn.
Dyn maten Joop Mink
Folkert de Groot
2
1,2 4,5,6,7,8,9,10,11,12,13,...28
Powered by FlippingBook