De Havensbank: Juny-July 2021 - page 1

Toch wer ferknipt
Hjoed is prima
Doarpshûs nije stijl
Stringbrêge
Nei Grou?
AA en Snickers
Skjinmeitsje
VD Haak? Nee,
Schaafsma
Wergea Bloeit
SZDRNZLL
Sneons en sneins wiene we op it sportfjild te finen, sa seach ús jeugd der út. We
kochten in AA en in Snickers fan ús bûssinten, en dêrnei wiene we de hele sneon
en snein oan it tienen, Goaldûns (ek wol bekend as kampioentje, mar Goaldûns
klinkt stoerder) of penaltysjitten.
Toch kaam sa rûn ús 14e de lokroep fan dat lytse gebou njonken de tsjerke
steeds tichterby. Neffens my mocht ik net earder as myn 15e der nei ta, mar dat
makke net út, want dat wie sa ûngefear de leeftiid dat al myn freonen der nei ta
mochten. En sa kaam it dat we nei de simmer fan 2000 elk wykein nei de soos
giene. Yn it begjin wie dit foaral op de sneintemiddei, en dy dei seach der altyd
itselde út: Jelle Jasper, Robbert, Jan Willem, Tjerk Jan, Eelke en ik wisten elke
snein al wa’t der bartsjinst hie. As VV Warga 1 thús spile, dan seagen we de 1e
helte, en gongen we dêrnei nei it hûs fan bygelyks Laurens van der Werf om
tegearre mei him de doarren fan de jeugdsoos te iepenjen. Dêrnei poole; rûn in
oere of 4 patat helje en dan letter ek noch thús waarm ite.
Dit wie ek de lêste perioade dat der noch gjin slutingstiid yn de soos wie, en sa
koe it gebeure dat we sneons út de Treemter wei om 3.00 oere ek noch nei de
soos ta koene. Us jild wie al op, mar it hie wol wat stoers om der dan noch wat
rûn te strunen. Noch net in jier letter hie it bestjoer ek wol sjoen dat wy net sa
gau ergens oars sjen soene, en dus kamen we ien foar ien ek yn it bestjoer.
Foar sommigen duorre dizze perioade wat langer as foar my (nei in jier weryn’t
ik mear tiid yn de soos wie as yn de skoalbanken, moast ik der alwer út fan myn
ferwekkers) mar elts fan ús hat der in prachtige learsume tiid hân, dêr’t we noch
altyd de fruchten fan plukke. Op sa‘n jonge leeftiid krigest al in bult
ferantwurdlikens, fouten meitsje mocht en der wiene altyd noch de âldere
bestjoersleden dy’t goed op dy pasten.
Fan poole nei spikerslaan. Doe’t we in jier fierder wiene, hiene we al wat mear
jild om út te jaan, en wêr koe dat better as yn de soos? En sa gebeurde it dat
we op freeds, sneons en sneins yn de soos wiene. Al it jild dat Jelle Jasper en ik,
en letter Tjerk Jan en Arjen, by Wytze Veenstra ophellen -we fulden elke jûn de
karre fan de molkboer- gie noch net 24 oeren letter yn it laadsje fan de kassa yn
de soos. It spikerblok stie by de draaihoeke en dêr stiene we dan altyd mei in
grutte ploech omhinne te slaan. Gjin fan ús is letter timmerman wurden, mar
wat ha we in wille hân! Yn it midden fan de soos stie de grutte rûne tafel, en dêr
wiene de âlderen dan oan it mekkie goaien. No duorre it net lang of de termen
dubbel meck, vast en snuif wiene ek by my bekend.
Mar der wie mear! Want as der ien ding wie dêr’t it bestjoer in stjer yn wie, dan
wie it om feesten te betinken. Sa kin elkenien it Caribbean, mei op sneins Jeu de
Soos. Oan it ein fan de jûn wist net ien wa’t der wûn hie, mar de
Roodborstenserenade siet de rest fan de wike yn de holle. Ek tink ik mei grutte
nocht werom oan de Black&White Party, wat letter feroare nei Sequelz. Mar der
wie noch folle mear; Apres Ski, WallStreet Night, Workers Night, Carnaval,
Schuimparty.
En sa no en dan kaam der in band, faak op de donateursjûn. De band dy’t my it
meast bystiet wie Rattle Snake Shake út Oss. Dizze coverband hie elkenien
fanôf it earste oant it lêste nûmer yn hun greep, check op Youtube mar ris
‘Babika’ of ‘Take on Me’, dan snapst it wol. Dat sa‘n band, dy’t ek yn Paradiso en
op de Zwarte Cross spile, yn de soos optreden hat, wie wol hiel bysûnder. Oan it
ein fan de jûn kochten we allegearre hun cd, of in T-shirt. Omdat ik foar dit stik
wat research dien ha, kaam ik derachter dat de leadzanger al op syn 51e stoarn
is. Toch wol ik him noch graach bedanke foar de geweldige jûn dy’t we doe hân
ha.
Juny-July 2021
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...28
Powered by FlippingBook