De Havensbank: Oktober 2021 - page 17

Goeiemoarntemiddei!
No’t dat iene firus dêr’t wy de namme net fan
neame wolle net mear eltse dei it ûnderwerp fan
petear liket, wolle wy it graach mei jimme ha oer
it Jongerein Toaniel. Nei 2 seizoenen lang stil
sitten te hawwen, kribelje ús artistike
toanielflinters en sille wy dit jier wer los! Dat
betsjut dus ek dat jimme jimme fan ôf no wer
opjaan kinne! Hoe mega fijn is dat!?
Dysels opjaan kin troch in mailtsje te stjoeren nei
mei hjir yn:
- Dyn namme en tillefoannûmer
- 2 foarkarsdagen wêrop’st oefenje kinst (wy
oefenje fan 19:00 oere oant 21:00 oere)
- Dyn leeftiid (opjefte fan ôf de earste klasse fan
de middelbere skoalle)
- En oftst links- of rjochtshandich bist.
Opjaan kin oant en mei snein 18 novimber,
klokslach 00:00.
Mei oare fragen kinst fansels ek by dit e-mail
adres terjochte.
Normaliter hâlde wy de leeftiidsgrins fan 18 jier
en in pear wiken, maar trochdat wy 2 jier lang stil
sitten hawwe, dogge wy ús hân foar de holle,
spriede wy ús fingers en sjogge wy hjir troch
hinne. Oan de leeftiidsgrins fan om en nabij 18
hawwe wy dit jier dus gjin aktive herinnering.
Wy kinne spitigernôch net sjen hokker paad it
firus mei ûnbekende namme bewannelje sil, en
hoe’t de maatregels der yn de takomst útsjogge.
Dêrom skriuwe wy dit berjocht mei in ‘’slach om
‘e earm’’. Wy witte ek net hoe de wrâld der moarn
út sjocht, mar wy witte wol dat wy dit jier
finallyyyy wer los wolle!
Asto dy opjoust ferwachtsje wy fan dy datst
rekken hâldst mei de folgjende data:
-
Snein 17 april; trochrin
-
Woansdei 20 april; generale
-
Freed 22 en sneon 23 april; útfierings
-
Snein 24 april; opromje
Stiest leaver net op ‘e planken mar liket it dy wol
fet leuk om ús te helpen yn ‘e
bouploech/technyk/grime? Lit ús dit foaral witte!
Ek binne wy noch op syk nei entûsjaste
regisseurs, dus soest dit leuk fine, stjoer ús ek
dan eefkes in mailtsje!
Wy hoopje op in massale opjefte en in moai
toanielseizoen!
Groetnis fan it leukste bestjoer fan Wergea
Femke A, Tiemen K, Johannes S, Marijke S, Bas
S, Janna V, Marijke V, Klaas W, Sophie W.
Pubquiz Wergea
Beste Wergeasters,
In het kader van Wergea600 organiseert het promoteam in samenwerking met de jeugdsoos op
20 november 2021 om 19.30 uur
een pubquiz voor jong en oud!
Deze pubquiz zal onder andere in het teken staan van Wergea.
Je kunt je opgeven in teams van 4-6 personen via de bijgevoegde QR code. Opgeven kan tot en met
zaterdag 13 november. VOL = VOL.
Na afloop van de quiz zal er live muziek aanwezig zijn van het muzikale duo Klick!
Locatie: Jeugdsoos SZDRNZLL
Aanvang: 19:30 uur
Kosten: 7,50 p.p.
Wij hopen allemaal op jullie komst!
Bij vragen kunnen jullie contact opnemen met 0629761907
Groetjes van het Promoteam Wergea 600,
Sophie de Wit, Anouck van der Zweep en Renske Kalsbeek
In verband met de huidige coronaregels zal er bij binnenkomst
om uw coronacheck gevraagd worden.
9
1...,7,8,9,10,11,12,13,14,15,16 18,19,20,21,22,23,24,25,26,27,...36
Powered by FlippingBook