De Havensbank: April 2022 - page 17

Pubquiz Wergea 600
Snein 13 maart stie de pubquiz Wergea 600 op it programma. Fan út it promoteam fan Wergea 600 ha we
dizze quiz organiseard en binne wy yn ’e middei fan start gongen mei 15 teams mei sa’n 4 oant 8 persoanen
per team. Wy hiene as groepke fan trije froulju sterk al in oantal moannen drok dwaande west mei de
tariedings, ek omdat de quiz earst yn novimber ’21 holden wurde soe… Mar dat ferhaal witte we sa stadich oan
wol wêrom‘t dit net mear troch gean koe.
Wy hiene teams út allegear ferskillende ‘generaasjes’ en dat makke it erg dynamysk mei syn allen oan de
steantafels, dy‘t de hiele soos fulden. De quiz ynhâldlik bestie út 6 rondes, wêrfan’t 2 muzykrondes ûnder
begelieding fan Duo Klick. Dizze 2 mannen hiene spesjaal foar de quiz in 6-minuten duorjende medley yn
elkoar setten wêrmei’t de muzikale kennis fan de dielnimmers op de proef steld waard. Ek stie Wergea sintraal
yn de quiz mei: Oant ‘Wergea’t dyn kennis? mei strjitnammen en eveneminten. En dan hiene wy noch ús
favorite ‘Wa bin ik’ ronde. Foar dy lêste ronde hawwe wy by in oantal bekende Wergeaster figueren (ûnder
oare: Teije de Boer, Geert-Jan Vaartjes en Lutz Jacobi) lâns west om se in omskriuwing fan in bekende
Nederlanner yn prate te litten troch middel fan in spraakopname. De teams moasten de Wergeaster stem
herkenne, mar ek de bekende Nederlanner dy’t oan de omskriuwing foldie.
Sa koene alle teams yn alle rondes punten by elkoar sprokkelje wat úteinlik útkaam op de ûndersteande top 3
winnaars:
1
e
priis
(Kadobon fan Grand Cafe Jan t.w.v. € 100,-): team Jan-Fremhil Hobert
2
e
priis
(In borrelpakket fan Spar Wesley & pizzabonnen fan pizzeria Venezia): team Dreamteam 2.0
3
e
priis
(In tagongsbewiis foar in evenemint yn ’e wike fan Wergea600): team Deksels sûnder pot
Nei de quiz hat Duo Klick ús noch tot yn de lette oerkes fermakke mei hun repertoire fol mei de leukste
musyk. Wy sjogge werom op in tige slagge en foaral hiel gesellige pubquiz! Us dank giet út nei alle teams dy‘t
mei dien ha en de lokale ûndernimmers foar it sponsorjen fan de prizen.
Wa wit oant in oare quiz ;)
Anouck van der Zweep, Sophie de Wit en Renske Kalsbeek
Oprop tentoanstelling Halbertsma, Iepenloftspul, KKW yn feestwike
WERGEA 600
Miskien ha jimme de searje ‘Het verhaal van Nederland’ de ôfrûne wiken ek wol folge; de skiednis fan ús lân fan
de prehistoarje oant en mei de twadde wrâldoarloch yn 10 útstjoeringen.
Wat moatte se foar it meitsjen fan dy searje in protte materiaal oan de kant skood ha.
Dêr moat ik wolris oan tinke no't wy mei ús wurkgroep dwaande binne om yn de feestwike WERGEA 600 in
tentoanstelling en oersicht te meitsjen fan trije lang besteande en aktyf kulturele ferieningen yn Wergea:
Halbertsma, It Iepenloftspul en de KKW.
Halbertsma bestiet dit jier 150 jier, it earste Iepenloftspul wie yn 1989 en de Kulturele Kommisje is oprjochte yn
1989.
Yn de smoute skuorre fan Joh. Postmus wurdt in kompilaasje fan films, foto's en attributen makke fan in hele
protte leuke foarstellingen en eveneminten. Jim sille begripe dat ek wy flink skrasse moatte.
Mar hoe leuk is it om dêr dan, as jimme troch Wergea kuierje, even binnen te wippen en werom te sjen en
ferhalen mei elkoar op te heljen.
Dochs in oprop: Wy binne op syk nei UNIKE foto's, kostúms, attributen, mailwikselingen ensfh.
Hast thús wat wêrfan'tsto wist, dat hat fierders gjin ien, lit it ús witte. Miskien kinne wy dat heel goed brûke.
Stjoer foar 15 maaie in foto dêrfan of in omskriuwing nei it folgjende e-mailadres:
.
Alfêst tige tank!
De iepeningstiden en oare bysûnderheden kinne jimme gewaar wurde yn in programmaboekje dat de kommisje
WERGEA 600 noch makket.
Hoe dan ek, heel graach oant sjen by ús tentoanstelling.
Ut namme fan de De Wurkgroep Halbertsma, Iepenloftspul, KKW
Grieteke van der Vlugt
9
1...,7,8,9,10,11,12,13,14,15,16 18,19,20,21,22,23,24,25,26,27,...32
Powered by FlippingBook