De Havensbank: September 2022 - page 5

De slotsom is dan ook dat Wergea een enorme bijdrage heeft geleverd aan de gemeenschapszin want uiteraard
heeft niet alleen de commissie maar hebben een paar honderd Wergeasters hun organisatorische en praktische
steentje bijgedragen. De jaren van voorbereidingen zijn immers niet alleen jaren van hard werken, maar brengt
ook veel gezelligheid met zich mee. Het zou natuurlijk zonde zijn om weer 50 of 100 jaar te wachten want de
nalatenschap van Wergea 600 is iets waar je mee verder kunt, wellicht is een 4-jaarlijks gebeuren een idee?
Emiel
"De Speech, skreaun troch Mathijs Mud en útsprutsen
troch trije froulju rûnom Wergea wei tidens de
iepeningsfoarstelling fan de Wergea600 feestwike, te
witten: Hettie Hettinga Narderbuorren/Domwier,
Paule Schaap Eagum/Idaard en Renske Kalsbeek (mei
dispensaasje) Warstiens"
Werraga 1422
Hettie
Wy skriuwe it jier 1422. De krûddampen fan de
grutte Fryske oarloch, weryn’t de Skieringers en
Fetkeapers mekoar mei wikseljend sukses
alderôfgryslikst tamtearre ha, binne amperoan
oplutsen.
De Fryske frijheid sil dêrnei noch sa’n 100 jier
duorje, it wurd “Brêgebidler” hat noch alhiel gjin
betsjutting en de ferneamde Wergeaster twa-
tuorren-skyline lit ek noch fjouwer-en-in-
healhûndert jier op him wachtsje. Mar wol stiet der
yn dizze agraryske negerij dan al in tsjerkje fan 200
jier âld, mar dyselde negerij mocht yn dy tiid, nei
alle gedachten noch gjin namme ha, oant dat jier ta,
alteast safier’t wy witte, want it âldst bekende
dokumint dêr’t ús doarp by namme yn neamd wurdt
is fan dat jier….. 1422! Yn in oarkonde fan septimber
1422, wurdt in sekere Fecko Bolinga út “Werraga”
neamd.
Men kin fan tinken wol ha, dat dizze omkriten
dêrfoar ek al as “Werraga” troch de tiid gie, mar……
om’t wy, it hjoeddeistich “Morrend Landvolk”, ferlet
ha om ús fêst te hâlden oan feiten, is bepaald dat
1422 it “bertejier” wêze sil fan ús skoander doarpke
Wergea!
Fansels wie der al folle earder minsklik krewearjen
yn dizze kontreien en dat docht ûnder mear bliken út
archeologyske fynsten dy’t datearje fan likernôch
sa‘n 500 jier foar it begjin fan ús jiertelling en de
Wergeaster terp fan om it jier nul hinne.
Mar in grut part fan dat folk dat hjir yn dy tiid libben
fan feeteelt, jacht en fiskerij, is troch de doetiidske
seespegelstiiging ôfsetten nei oarden dêr’t de kâns
op drûge fuotten fierhinne grutter wie, mei as
gefolch dat, op in hantsjefol minsken nei, Fryslân yn
de fjirde ieu sa goed as ferlitten wie.
Pas in 500 jier letter komme “ús wiere” foarâlders op
it aljemint, om’t it seewetter him werom lûkt, de
omkriten opdrûgje én der op de feangrûn in laach
tige by tige fruchtber slyk lizzen bliuwt. Om it jier
900 nei Christus hinne wurdt der ek wer boud op en
om de “Wergeaster” terp. Om’t it wetter as
ûntsluting fan de regio al mar wichtiger wurdt, komt
der ek bebouwing om dit wetter hinne, fan it Ald
Djip/Foudering en Wergeaster feart. En groeit it út ta
wat sa njonkenlytsen fan 1422 ôf in doarp neamd
wurde mei!
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...44
Powered by FlippingBook