De Havensbank: September 2022 - page 7

Paule
In doarp fan kwizekwânsje mei ‘k wol sizze, mar
dochs yn alle beskiedenheid. Yn de rin fan ‘e jierren
ûntjout Wergea him oant wat it no is, mei in ferskaat
oan “ups & downs” yn it rike bedriuwslibben fan no en
eartiids bygelyks.
Fan de ôfrûne 600 jier, ha der in goed 100 yn it teken
stien fan suvel. Yn 1886 kaam hjir de alderearste
koöperative suvelfabryk fan Nederlân. Grutske boeren
en suvelarbeiders, al ha se ek wol gauris mei de
koppen foar elkoar oer stien, ha der mei inoar dochs
foar soarge dat Frico Wergea in begryp waard. It
bliuwt alderferskuorrendste spitich dat troch
ekspânsjedrift en in better stik bûter yn ‘e brij te
krijen foar de koöperaasje it ferneamde fabryk achter
“Wopkes Hoek” yn 1994 har doarren slute moast. En
wat te tinken fan de útwrydske Wergeaster
middenstân? Wol in achttal bakkers dy’t hjir en yn de
omkriten de ynhâld fan harren bolkoer besochten te
ferkeapjen. Derneist tal fan winkelkeaplju lykas
krûdeniers, foernituerensaak, potten- en pannewinkel
en “Bartle His”, de pleatslike “Auke Rauwerda” mei
hannel yn tou, learzens, klompen, polsstokken,
biezems en boarstels en wat al net mear...
En dêrneist de talrike Wergeaster reedmakkers. Under
oaren; Zwart, Lantinga, Meinderts en foaral de firma
Hoekstra dy’t yn binnen- en bûtenlân in tige goeie
namme hie en sels oan it keninklik hûs by in pear
prinsessen de redens ûnderbine mocht. Konkurrinsje
út Drylts en Akkrum wie grut, mar de Wergeaster
reedyndustry fage syn baan wol skjin. Om’t letter de
“houtsjes” foarby streke waarden troch de “Noaren” is
de reedyndustry lang om let út Wergea ferdwûn. Mar
ek óp de izers op it beferzen wetter spilen inkelde
doarpsgenoaten net swak by, mei as meast yn it each
springende doarpsgenoat, Minne Hoekstra, neiteam út
it ferneamde timmermans- en reedmakkerslaach
Hoekstra, dy’t yn 1909 de alderearste offisjele
11stêdetocht wûn.
Mar ek yn oare sporten koe men mar rekken hâlde
mei guon Wergeasters. In pear preemjes op ‘e Freule
en sels 1
ste
prizen op ‘e froulju’s- en manlju PC ’s by it
keatsen, mar ek yn it turnjen, twirljen, autocross,
toulûken en wit ik al net mear foar sporten ha wy
suksessen behelle. Mar yn ien sport ha wy in
boppemjittich tal wrâldkampioenen ôflevere: Teatsen!
It hat nei alle gedachten te krijen mei it feit dat wy de
sport sels betocht ha, mar dochs: in wrâldkampioen is
in wrâldkampioen!
Renske
Neist it rike sport- en bedriuwslibben ûntstie der ek in
ryk sosjaal, kultureel en ferieningslibben, mei ek wer
in pear bysûnderheden. Neam no Toanielferiening
Halbertsma dy’t al fan 1872 ôf op in goed nivo
meispilet, mei yn ‘t spoar it Wergeaster Iepenloftspul,
wat “noch mar” fan 1989 ôf bestiet, mar ek ferneamd
is rûnom yn kultuerminded Fryslân.
Dêrneist moat fansels ús 52 jier âlde jeugdsoas ek
neamd wurde. Ien fan de âldsten fan Fryslân, mar
noch alhiel jong fan geast. SZDRNZLL (Say What?) is
net allinnich in bysûndere namme, mar foaral in
bysûnder ynstitút. Kreamkeamer foar talint op
bestjoerlik- en kultureel mêd, mar ek foar persoanlike
ûntwikkeling. In perfekte oanfolling op jins opfieding!
Ha je it oer de soos, dan ha je it ek al gau oer muzyk
fansels. En muzyk yn Wergea is op ’t foarste plak ús
fanfarekorps “De Kriich”. Al rom 100 jier kinne wy
grutsk wêze op dit korps, dêr’t generaasjes
doarpsgenoaten ien of meardere ynstruminten bespile
ha en dermei tal fan feestlikheden muzikaal opfleure
ha. Mar ek yn beheindere foarm is en wurdt der
muzyk makke, lykas it harmoanika ensemble
“Mondola”, “Bigband Two Towers Collective” en bands
lykas: “Confidence”, “Mistake”, “The
Kasjestreetsteegeband”, “Hotstop” om mar in pear te
neamen…… Ek yn de Fryske top 100 fine wy
Wergeaster talinten en “Twarres” meie wy mei
grutskens wol in fêste “Bewenner” fan de Top 2000
neame!
Mar hawar, kommende wike sille wy fiere dat ús
doarp Wergea al 600 jier ús doarp is om grutsk op te
wêzen. In doarp dat mei har bewenners yn it ferline
fan alles út ‘e wei set hat en hjoed de dei fan alles út
‘e wei set en yn de takomst noch folle mear út ‘e wei
sette sil. Bûn troch in hechte mienskip! In mienskip
dy’t sterk wurden is troch it read-Roomsk karakter!
Read-Roomsk dat stiet foar in ferskaat yn leauwen en
politike oertsjûging ensafuorthinne, mar dochs mei
respekt foar mekoar oparbeidzje yn alle fasetten fan it
doarp!
En hoe moai is ‘t: de iepening fan dit Bjusterbaarlike
Wergea 600 feest yn en om “De Bidler”. It
multifunksjonele gebou yn it sintrum fan ús doarp. En
dan net allinnich it geografyske sintrum, mar noch
mear it sosjaal kulturele sintrum yn it hert fan ús
doarp. In gebou, dat eartiids it thús wie fan de
Nederlânsk Herfoarme gemeente, mar no it thús is
fan de folsleine mienskip yn alle fasetten fan it libben.
Yn de rin fan de ôfrûne 40 jier is dit gebou fan tsjerke
transformearje nei teäter, mar ek nei ûnder mear in
feestlokaasje, muzykpoadium, kongressintrum en
rou/útfeartlokaasje. Koartsein alderferskuorrendst
multifunksjoneel yn ús warbere multikulturele doarp!
Wolkom by Wergea 600……… fol faasje op wei
nei de takomst!
4
1,2,3,4,5,6 8,9,10,11,12,13,14,15,16,17,...44
Powered by FlippingBook