De Havensbank: Oktober 2017 - page 11

Wergea à Go-Go op sneon 18 novimber yn ’e Bidler
Op sneon 18 novimber organisearret de Kulturele Kommisje Wergea in
programma neamd Wergea á Go-Go. Yn dit programma, dat presintearre
wurdt troch Willem de Vries (bekend fan Omrop Fryslan û.o. fan
Noardewyn) krije jimme in breed oanbod fan nijsgjirrichheden oer de
popskiednis yn ’t algemien en oer de popskiednis fan Wergea.
Oan de hân fan in liveband komme der nijsgjirrige muzykfragen foarby. Der binne interviews dy’t gean oer
wereldhits en bekende artysten yn relaasje mei it ferhaal efter it sukses. Der binne ferskate muzykfragen dy’t
jim beäntwurde krije. En fansels, ek de wiere fan komt oan bod. Mar wa’t dat is?
Oanfang is om 20.00 oere. Sjoen it oantal beskikbere kaarten is it de baas om in plakje te reservearjen op de
site:
of te skiljen op tillefoannummer 058-2552844 (Hendrik Fridsma).
Kaarten kostje €12.50
6
Al in pear jier wie it lêstich om genôch minsken te finen foar de ienakters. Minsken koene
harren ek dit jier wer opjaan mar om’t it de lêste jierren net stoarm rûn, hawwe wy der
foar keazen om as earste de regisseurs te freegjen. As der dan net genôch opjefte wêze
soe dan hie de regisseur de frijheid om der noch minsken by te freegjen. En it is slagge,
dit jier spylje we wer trije ienakters yn ‘e Bidler op 8 en 9 desimber.
De trije groepen binne al drok oan it repetearjen. Dit jier hawwe wy de groepen ek in
opdracht meijûn en we gean der fanút dat it publyk dit wol merke sil.
Wy komme yn novimber ek wer it ledejild opheljen. As je automatysk betelje of je ha it
ledejild al oermakke, dan goaie we de ledekaart by jo troch de bus.
It Halbertsma bestjoer
Wy wolle fansels dat jimme jim wer massaal opjouwe om der ek dit jier wer in grut sukses fan te meitsjen.
Foaral ek in oprop foar de jonges! Toaniel is hartstikke leuk! Wy soene it leuk fine as der ek dit jier wer in protte
jeugd meidocht! Jou jim op! Wy as bestjoer hawwe der yn alle gefallen in soad nocht oan. Wy spylje op 6 en 7
april 2018 yn de Bidler.
Dus jimme fiele him al oankommen… Jim kinne jim wer opjaan! En wol op it folgjende e-mailadres:
.
Kinst dy opjaan oant 1 desimber 2017. Soargje derfoar datst dit op tiid dochst y.f.m. it yndielen fan de groepkes
en it útsykjen/skriuwen fan de stikken. Kinst in mailtsje stjoere mei hjiryn:
Dyn namme en telefoannûmer
2 foarkarsdagen wêrop ast oefenje kinst (wy oefenje fan 19:00 oere oant 21:00 oere)
Dyn leeftiid (do moatst al yn de earste klasse of heger fan de middelbere skoalle sitte)
Eventuele foarkarren foar by wa ast yn it groepke wolst (wy kinne neat tasizze!)
Wy begjinne mei repetearjen yn de earste wike fan jannewaris. Jimme krije fan ús in e-mail mei hjiryn mear
ynformaasje oer yn hokker groepke ast sitst en wêr & wannear ast ferwachte wurdst.
Binne dyn poadiumtalinten net sa grut? Mar fynst it wol leuk om ús te helpen yn de smink, technyk, of
bouploech? Ek dan meist in mailtsje stjoere! Ek graach foar 1 desimber.
Wy hoopje op in massale opjefte!
Groetnis fan it leukste bestjoer fan Wergea,
Klaas, Jettie, Roelof, Marijke, Sophie, Marijke, Wietske, Femke
In hiele Gi-Ga-Goeiemoarntemiddei allegear!
Dit is in berjocht oan alle bern fan in oar út Wergea e.o.
It is novimber en dat betsjut dat it toanielseizoen wer foar de doar stiet! De
grutterein is alwer in pear wiken oan it repetearjen foar de grutte ienakters en
it grutte stik. Mar it allerleukste komt dêrnei: de ienakters foar de jongerein!
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...32
Powered by FlippingBook