De Havensbank: Oktober 2017 - page 13

Sa as jo jo miskien noch wol herinnerje kinne hienen
wy op 23 septimber de “Schijt-je-rijk kompetysje”.
No is de fraach fansels oft de ko skiten hat en sa ja,
yn wa syn fak? We sille it jo sizze, it duorre efkes mar
doe wie it ek bêst raak. De ko skiet midden yn it fak
fan Wytze Wijbrandi. Hy is dêrmei de gelokkige
winner wurden en hy hat de priis yn ûntfangst naam,
lokwinske Wytze! Fierder wolle wy Pieter Kalsbeek
graach betanke foar it lienen fan de ko, super!
Neist it iepeningswykein hienen wy op 14 oktober in
saneamde Flügelparty. Yn ’e rin fan ’e jûn draaide
Feest DJ Chris de grutste hits en soargen hy en de
nedige flügeltsjes derfoar dat it in top jûn wie!
Wat hawwe wy fierder noch op ’e planning? Op snein
29 oktober is der wer it jierlikse WK Spikerslaan. De
spikerblokken stean al mei smart te wachtsjen, dus
wês der by en sla jo slach!
Ek binne wy op it momint drok dwaande mei de
tariedingen foar it Après-ski XXL feest op 11 novimber
yn ’e Bidler, dit alles om der foar te soargjen dat it in
fantastysk feest wurdt! Ha jo no noch gjin kaarten of
soenen jo noch graach in vip-tafel ha wolle, dan kin
dat noch steeds. Mail dan efkes nei:
,
mar wachtsje hjir net te
lang mei want OP=OP!
Oant gau! It SZDRNZLL bestjoer
Sutelaksje Fryske Boek grut sukses!
Sneon 7 oktober ha de mear as 30 frijwilligers mei de
kroaden fol boeken by de doaren lâns west. En wat in
frijwilligers! It hat net droech west, mar der is foar
hast € 3000,- oan boeken ferkocht. Grutte klasse!
Moarns om 10 oere mei kofje en cake yn Us
Doarpshûs, noch in peptalk fan skriuwer Ferdinand de
Jong en ús aller Lutz Jacobi en dan los. Wat in
prachtich gesicht as elkenien dan mei de kroade it
doarp ynbrûst.
Filmkafé Bagdad sil de opbringst goed brûke en takom
jier mar wer tochten wy. En nochris hartstikke tank
oan de sutelers en dat de sûkelarje jimme mar
smakke hat.
Ut namme fan Filmkafé Bagdad,
Frans Slaterus
Ien en oar út ‘e skiednis fan Wergea, deel 7
Hebt u ons op vrijdag 6 oktober gemist?
Een nieuw boek
De
Stichting Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
heeft in verband met haar 35-jarig jubileum (1982–
2017) het zevende deel samengesteld in de reeks ”Ien en oar út ‘e skiednis fan Wergea”. Het is in A4 formaat en
zeer royaal voorzien van illustratiemateriaal.
De uitgave telt 160 pagina’s en is zeer royaal doorspekt met foto’s die de artikels uitgebreid visueel ondersteunen.
Deze uitgave werd mede mogelijk gemaakt door de financiële steun van: Makelaardij Hoekstra, Meinderts Wergea
BV, Stichting Popma-Gasthuis,Pleatslik Belang Wergea, Zakelijk Wergea, Autobedrijf Van der Zweep en
Mienskipsfûns gem. Leeuwarden.
De verkoop van het boek heeft op vrijdag 6 oktober 2017 plaatsgevonden.
Als U ons hebt gemist en u wilt het boek toch graag hebben dan kan dat
alsnog op onderstaand adres voor de aantrekkelijke prijs van € 15,00
- Sjoerd L. Spykstra, Nieuweweg 10,Wergea (058.2551769)
Via de e-mail kunt u ons kontakten op e-mailadres
.
Beslist een mooi boek en de moeite waard om te hebben, maar ook leuk
om cadeau te doen voor een verjaardag, voor Sinterklaas of onder de kerstboom.
Het is een eenmalige uitgave en we kunnen u het boek aanbieden zolang
de voorraad strekt.
Rinze Visser, Secretaris Stichting Wurkgroep Werregea Ald – Wergea Nij
7
Bêste soosgangers,
Wy binne it nije seizoen wer
flitsend begûn mei in tige
slagge iepeningswykein.
1...,3,4,5,6,7,8,9,10,11,12 14,15,16,17,18,19,20,21,22,23,...32
Powered by FlippingBook