De Havensbank: juny-july 2018 - page 29

De Knobbeltocht 2018
Moarns iere betiid gie it dan fan start ‘De Knobbeltocht’ fan 17 juny 2018.
Wy mei ‘it Erfskip’ en noch 23 oare boaten leine 9.00 oere oan wâl, entûsjast om de knobbeltocht te begjinnen,
fan start mei it opheljen fan de MoarnsRoute folge troch trije spultsjes om de geselligens deryn te krijen.
De earste punten wiene binnen en de tocht koe fan start, fuortfarrend mei gesellige muzyk oan board of in
lekker bakje kofje om noch efkes wekker te wurden, de earste bierkes waarden dopt en de fragen waarden
wakker serieus besjoen.
Mei fragen oer iten, drinken skiednis en Wergea sels. De harsens waarden oan it kreakjen brocht en eltsenien
die mei in soad wille mei, roppich om harren kennis sjen te litten. In kreaze tocht op it Fryske wetter. Rûn in
oer as 12.00 oere hiene wy skoft foar in lekker broadsje, in kopke sop en hjir en dêr in stikje fruit. It skoft fûn
plak op in moai eilantsje yn Terherne dêr’t de bern lekker efkes omdrave koene om harren enerzjy kwyt te
reitsjen. Tusken de stikjes bôle en kopkes sop troch waarden we by inoar roppen foar mear spultsjes. Om
dernei ús MiddeisRoute mei te nimmen en it wetter wer op te gean. Fierder mei fragen oer berne telefyzje
searjes en nuvere figueren mei leuke útspraken, koartom typyske fragen foar de jongerein, mar ek echte
boatsje fragen foar de echte boatsjelju. Goed en wol 19.00 oere wie dan it ein fan de Knobbeltocht, de boaten
sammelen by de passantenhaven yn Wergea en sieten fol spanning foar de priisútrikking. Hege oantallen
punten waarden omroppen en ‘it Erfskip’ kroep hieltyd tichter by it earste plak. It ferlossende wurd kaam al rap.
De namme fan ús skipper ‘Andries Postma’ waard omroppen, wy wiene earsten!
Nei it jûchheigerop en it applaus kaam by ús al gau it besef dat wy it kommende jier in like leuke Knobbeltocht
as dy fan de ‘Boere Bitches’ delsette moasten.
It kommende jier sille wy drok dwaande wêze en wy hoopje dat de opkomst foar de takommende Knobbeltocht
like grut wêze sil as dit jier.
Fardau de Jong
Fan lofts nei rjochts: Fardau de Jong, Mariska Roersma, Wytse Kooistra, Bibia Lei, Hilde
Engwerda, Christiaan Zuydendorp, Jenne Veenstra, Andries Postma en Johannes Sinnema.
Ontbrekkend: Sjoukje Postma en Bas Tiaan Maters
13
1...,19,20,21,22,23,24,25,26,27,28 30,31,32,33,34,35,36,37,38,39,...40
Powered by FlippingBook