De Havensbank: juny-july 2018 - page 25

Skeelertocht fan 3 juny
Mei prachtich waar ha wy, De Wergeaster Reed, in leuke moarn fersoarge foar alle legere skoalle bern fan
Wergea. Om’t wy yn de winter sa faak neat organisere kinne like it ús in goed idee om yn de simmer wat te
dwaan. Net in wedstriid mar gewoan in leuke rûte op skeelers.
Tsjin healwei alven waarden der in lytse 40 bern mei de Jan Plesier by skoalle wei helle. Fokke op’e trekker,
“master” Jan op de fyts der neist en op nei Domwier. Ek in protte âlders fytsten of kuierden der efteroan.
Fanôf de “dwinger” wie de rûte nei it ein fan Domwier prachtich fersiert mei flaggen slingers en ballonnen.
Alle bern krigen in stimpelkaart en neidat se de skeelers ûnder hiene, koenen se los. Skeelerjend lâns de
spultsjes, balgoaie by it hok fan de fam. Wouters, kegelje by Lucas en Wiesje, curling by de fam. De Boer en
darte by Jan Vogelzang. In oantal bern hie safolle enerzjy, sy hawwe de tocht 2 kear skeelere. Alders en
begelieders koenen de rûte ek meirinne en mei troch it moaie waar like it in fleurich gehiel.
Omtrint healwei tolven wie elkenien klear en nei wat drinken, in fersnapering en in oantinken yn de foarm
fan in “vaantje” koe de reis werom begjinne. Allegearre wer yn de Jan Plesier en yn optocht werom nei de
buorren. Sawol fan de bern as de âlders krigen we komplimenten foar de organisaasje. Wy sjogge werom op
in hele gesellige moarn. Yn de takomst sille we it fêst wer in kear op priemmen sette.
Hettie
11
1...,15,16,17,18,19,20,21,22,23,24 26,27,28,29,30,31,32,33,34,35,...40
Powered by FlippingBook