De Havensbank: juny-july 2018 - page 1

Juny-July 2018
Het is weer merke!
Soks sawat?
Tusken twa tuorren
Keatse mei de merke
Angus Young?
Flinters
50 preammen
Jeugdfûgeldei
Knobbeltocht
Draaie mei Piet
Tusken Twa Tuorren
Tusken Twa Tuorren, de lêste yn ‘e rige fan 32 foarstellings Under
de Toer, yn novimber yn Wergea. Noch in skoft fuort, mar der
wurdt no al fan alles út ‘e wei setten. Hoe is op dit stuit de stân fan
saken? Wurdt der wier al fan alles út ‘e wei setten?
Om dat oan ‘e weet te kommen op in moaie simmerske sneontemoarn,
begjin july, mar efkes by Theo delfytse, yn ‘e nijbou fan Wergea. Fan
hearren en sizzen (LC) fernimme wy dat dêr wat problemen binne.
Konteners dy’t yn ’t paad steane en grutte bulten sân. Dus mar op ‘e tiid
fuort en in skepke yn ‘e fytstas, foar de wissichheid. Mar it falt ta, gjin sân
en gjin konteners; komt nei alle gedachten foaral omdat Theo fuort
foaroan yn ‘e nijbou wennet. In moaie twa ûnder ien kap, mei útsicht op
Grut Palma. Wy hearre fan Theo de stân fan saken.
Tusken Twa Tuorren, Under de Toer, hoe binne jim op it idee
kommen? Hoe past it binnen Kulturele Haadstêd?
‘Doe't bekind waard dat it projekt Under de Toer ien fan de haadprojekten
fan LF2018 waard kamen Froukje van Houten en ik op it idee om Wergea
hjirfoar ek op te jaan. Want as der ien doarp is dêr't op kultureel flak in
soad dien wurdt, dan is it wol Wergea. Sa binne Froukje en ik oan de slach
gien om in plan te betinken. Dat plan moast oan 5 kriteria foldwaan; in
keunstner, de mienskip, Europa, in tsjerke en in ferhaal. We ha mei
ferskate minsken sprutsen om te hearren hokfoar ferhalen der eins yn
Wergea binne yn relaasje mei de tsjerken. Uteinlik hiene we in idee en dat
plan ha we yntsjinne. Der wiene mear as 80 oanmeldingen, mar der wie
mar plak foar 32 projekten. It wie dan ek fantastysk om te hearren dat
Wergea selektearre wie en ien fan de 32 projekten waard fan Under de
Toer.’
Wer giet is stik eins oer, Theo?
‘Yn ús syktocht nei mooglike ferhalen kamen we eins by alle gesprekken
hieltyd by ien punt werom: de jeugdsoos. Bynammen wat de jeugdsoos
foar betsjutting hat foar de minsken en it doarp. Doe binne we op it idee
kaam om it ferhaal fan jeugsoos SZDRNZLL te fertellen. Yn Tusken Twa
Tuorren fertelle we it ferhaal fan de jeugdsoos dy't, troch de fusy fan de
Roomsk-katolike parochys, op it punt stiet te ferdwinen. En wat sil dat foar
konsekwinsjes ha foar de minsken en foar de mienskip.’
Wat is de reade tried fan it projekt?
‘Sûnder in soad te ferklappen; we nimme de minsken mei yn de
hjoeddeiske problematyk fan in soad doarpen. Hoe hâldt men in doarp
leefber. It ferieningslibben en ferskate bestjoeren ha it dreech om nije
leden te finen. Yn Tusken Twa Tuorren liket it der op dat de jeugdsoos
ferdwine sil op it plak dêr't it no is. De jeugdsoos wurdt wolris sjoen as in
soarte fan kweekfiver foar kreatyf en organisatoarysk talint. Wat soe der
mei in doarp as Wergea barre as dat der dan net mear is. Hoe sjocht
Wergea der yn 2040 út? En, sa’t de titel Tusken Twa Tuorren al seit; it
publyk wurdt meinaam op in muzikale en teätrale reis fan de iene toer nei
d’oare.’
1 2,3,4,5,6,7,8,9,10,11,...40
Powered by FlippingBook