De Havensbank: juny-july 2018 - page 11

Doe nei de ûleballen om dy út te plúzjen, de tafel lei
fol mei braakballen. Mei in toske boarstel en pinset
oan de slach. Boer Kooistra hat doe ferteld hoe de kij
molken waarden en fuorre. De fiskersfrou hie ek in
moai ferhaal hoe as de bern in fisk fange moasten. De
jonge fammen makken mei de bern in rêstplak fan
strie yn in blompotsje, tou der troch en, klear is kees.
Hjir moasten pissebedden yn krûpe.
Doe nei de tinte fan de predaasje ta, dy stie yn ’t lân
mei in frou dy’t moai fertelle koe en aaien sjen liet
dy’t de rovers te pakken hân hienen. Der stienen ek
opstoppe bisten, sa as de stienmurd en de wezeling.
Dit wie tige nijsgjirrich. De bern hongen oan har
lippen en der wie ien jonge dy wist fan wa de aaien
wienen dy’t sy sjen liet, knap hear. Op nei de boat, dy
lei al op ús te wachtsjen en brocht ús in eintsje fierder
it lân yn. De loft bruts wat en it waard ek droech.
Wy kamen by
de tinte fan
de wetter-
bisten. Mei
faasje der op
ôf en sjen wat
der út it
wetter kaam,
der wie sels
in hiel lyts
snoekje by,
prachtich!
Efter dizze
tinte stie de tinte fan de jagers mei in hûn. No dit wie
ek tige spannend want de hûn moast op apport, want
der waard in stik hazze fuort smiten sels oer de feart
mar hy rêde der mei. De jager frege de bern hokker
bisten sy wol en hokker sy net sjitte mochten. Dit
waard beljochte troch plaatsjes fan de bisten en dan
moasten de bern sizze: “wol sjitte - net sjitte”. Dat
gong der om wei, jo wolle it net witte.
De lêste stop wie by it plas dras gebiet dêr’t
teleskopen stienen en neimakke greidefûgels. De
mannen fregen de bern werom der sokke plassen oan
lein waarden. No de measten wisten wol wat de
bedoeling der fan wie. Der waard harren ferteld oer
de plakken sa as Skrok en Skrins en dat op dy
plakken mear jonge fûgels grut waarden.
No op nei de pleats fan Kooistra dêr’t in pûde mei
broadsjes klear lei en in beker drinken en in tas mei in
hiel protte aardige spullen der yn.
Doe’t wy oan de tafel sieten te genietsje fan ús iten
ha ik de bern frege wat sy der fan fûnen. “Prachtich”
en myn beppe sizzer sei: “ik bin bliid dat ik net nei
hûs gongen bin want it wie ‘skitterend’! In protte lof
oan de 40 frijwilligers en de fam. Kooistra.
Sjoerdtje de Groot
Mei in protte nocht ha wij as bestjoer en frijwilligers
oan de tarieding en útfiering fan dizze dei wurke. It
doel in moaie, learsume en aktive dei te organisear-
jen, wêrby’t de jeugd sintraal stiet, liket ús slagge.
Bestjoer Vogelwacht Idaarderadeel-Noord
6
1...,2,3,4,5,6,7,8,9,10 12,13,14,15,16,17,18,19,20,21,...40
Powered by FlippingBook