De Havensbank: juny-july 2018 - page 17

Ynstjoerd
Bêste ynwenners fan Wergea,
De jierren bin folbrocht. 2018 is myn lêste jier as Feinteboun lid. Fan 2004 oant 2018 ha ik 14 jier wille hân as
Aldtsjerkster feint en machtige jierren meimakke. Neist ús doarpsfeest seach ik ek altyd út nei de Wergeaster
merke.
Famylje Wijbrandi. Wietse, myn âld klasgenoat fan it AOC yn Ljouwert wêr ik al kaam foardat ik yn ‘e Feinteboun
gie, binne geweldige minsken yn it doarp. As je ien kear oer de flier binne by de Wijbrandi’s dan binne je altyd
wolkom. Ek mei de merke stie de doar by Theo en Anneke los en wie it noflik om fluch efkes te douchen en in
ontbijtje te krijen foar it matinee mei de Wiko’s. Tige tank foar de moaie jierren mei de merke en oankommend
feest stap ik wer efkes nei binnen foar in bakje kofje!
Troch de jierren hinne ha ik de merke 3 à 4 kear mist. As Feinteboun lid ha ik altyd besocht de ferbining tusken de
merkekommisje en Feinteboun heech te hâlden. Mar it foel net altyd mei om elkenien de goeie kant op te krijen.
Anekdoate: doe’t ik mei de Bicycle Showband Crescendo Opende (de Drum & Lyra Selection fan Wergea mar dan op
‘e fyts) yn 2008 mei de merke yn Maleisië siet, krige ik in sms’ke fan Robbie de Lange: ‘Hee jonge komst aanst ek
efkes by de Sellina’s op it feest?!’. Je binne oan de oare kant fan ‘e wrâld mar hie op dat momint ek wol yn Wergea
stean wollen. Sokke lytse berjochten/mominten ferjitte je net..!
Neist de Wijbrandi’s wol ik ek famylje De Boer bedanke foar de prachtige tiid dy ik hân ha yn Wergea. Sipke en Rinie
wenje op in prachtich plak yn Domwier. Fan Domwier hie ik noch noait
heard, oant de merke fan 2014 nei in lange tocht te rinnen fia
Bakkerij de Boer….
It jier dêrnei gongen we mei de Feiteboun op ‘e pream rjochting Domwier foar in hearlyk waarm miel foardat de
spultsjes begongen. Dan besef je wer efkes hoe moai it wêze kin om yn in Feinteboun te sitten!
Wergea hat my in protte freonen brocht troch de jierren hinne. Dat makket my grutsk op Aldtsjerk as Feinteboun
lid en de Merkekommisje. De lêste twa doarpen wêr ‘t we noch sa’n groep ha.
Litte we dit foar altyd koesterje!
Tige tank foar de moaie jierren!
Groetnis, Leonard Tolsma
9
1...,7,8,9,10,11,12,13,14,15,16 18,19,20,21,22,23,24,25,26,27,...40
Powered by FlippingBook