De Havensbank: juny-july 2018 - page 9

Natoernijs
Op in moarn kaam de molkboer oan ‘e doar mei yn ‘e
hân in skuondoaze. Hy sei: ’sjoch even yn dizze doaze
en fertel my wat dat is”. Jannie hong har swimklean
oan ‘e line en doe kamen der twa fan dizze bisten
ergens wei, ien
ûntkaam harren
mar dizze hawwe
hja fongen.
Ik wist dat it in
nacht flinter wie
mar hokker krekt
dat net. Ik haw in
natoer
kammeraat even
mailt mei de foto
der by en doe wist ik al gau wat it wie. It wie de
glêswjukpylksturt [ligusterpijlstaart] Dizze flinters
binne wol in sintimeter as 9 – 12 en binne deis ek
noch wol wat aktyf. Dizze flinters ite ynsekten. Hja
hawwe in roltonge en de rûp yt bledsjes fan de
liguster hagen.
Witte jimme
noch dat der ek
in nacht flinter
op de Gele Eker
fûn is, sa’n twa
jier ferlyn, dat
wie de
nachtpauwoog
Ik wit net mear
hokker fam. dy
doe fûn hat. Op
it Wynjeterper skar binne no allegearre heideflinters
en brúnsâneagjes te sjen en in protte libelles, it is in
prachtich gebied mar dêr wat mear oer de oare kear.
Sj. de Groot
Jeugdfûgelwachtdei BFVW
op 2 juny 2018 yn Warstiens
De Bond Friese VogelWachten (BFVW) organisearre
op sneon 2 juny 2018 wer de jierlikse
jeugdfûgelwachtdei. Dit jier is ús wacht (Vogelwacht
Idaarderadeel-Noord) frege dizze dei mei har te
organisearjen. In moaie gelegenheid foar de bern en
âlders om neier kennis te meitsjen mei de ferskate
moaie fasetten fan de natoer. Dit troch oan de
ferskate aktiviteiten mei te dwaan. De lokaasje wie dit
kear de biologyske buorkerij fan de famylje Kooistra
by Warstiens. Yn de buorkerij en de greiden dêr
omhinne wie in rûte útset mei 11 ferskillende
aktiviteiten. De bern mei begelieders waarden ferdield
yn 11 groepen.
Nei de iepening troch foarsitter Frans de Bruin en in
wolkomswurd fan deputearre Kramer en wethâlder
Van Gelder waard om 9.30 oere start mei de rûngang
lâns de ferskate aktiviteiten. Hjirûnder in ferslach,
hoe’t de bern dizze dei belibbe ha.
Underfining
(skreaun troch Sjoerdtje de Groot dy’t mei in groep
bern rûn hat)
Wat in moaie moarn hawwe de bern belibbe op de
pleats fan de fam. Kooistra. It waar hie wat better
kinnen, mar hawar neat oan te dwaan. Earst in glês
ranja mei in stikje oranje koeke en doe koe it los. Der
wiene sa wat 150 bern út hiel Fryslân mei ien of twa
grutten der by, en dy waarden ferdield yn groepen en
gongen op stap nei allegearre tintsjes, dy’t yn it lân
en skuorren stienen. Dat wienen der mei inoar alve.
Myn beppesizzer sei: ”beppe ik hie der sa’n sin oan
mar ik fyn der neat oan, sille wy mar wer nei de auto
gean”? Doe ha ik har útlein dat as je wat sein ha je
dêr ek foar stean moatte en net om in bytsje rein mar
nei hûs gean.
De earste útstalling wie yn ’e skuorre en gong oer de
ûlen, der binne 5 soarten. Mei foto’s liet de man sjen
wat foar soarten der binne en dat it hoalebrieders
binne. Hast eltse soart stie der moai opstoppe by. De
man koe moai fertelle en liet moaie foto’s sjen, de
groep wie sa stil as in mûs en harke mei tsien pear
earen en sa moat it ek wêze.
Doe nei de bijeman dy’t
fertelde dat sûnder bijen wy
net libje kinne en ek wêrom
net. De bern koene dêr ek
huning priuwe wat is dat
lekker swiet waard der sein.
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...40
Powered by FlippingBook