De Havensbank: Desimber 2014 - page 17

Sportcolumn
Humor
In spannende wedstriid yn de Frânske fuotbal-
kompetysje, fjirde klasse amateurs. Marly-Gomont
spilet mei in hiele protte ynfallers har thúswedstriid
tsjin Tupigny. Se ha net folle mear op de bank sitten,
in pear junioren (ha, ha sille jimme wol sizze...dat
liket sc Heerenveen wol). Se steane dan ek al gau
achter. Nei 25 minuten stoot der in frommeske it fjild
op. Hja raast tsjin de keeper! “Moast thús komme...de
ko stiet op kealjen!” Hy rint út ‘e goal wei ... mar der
is gjin reserve keeper. Der wurdt drok oerlein.
Dan docht de 61-jierrige foarsitter wat der fan in
foarsitter ferwachte wurdt: Alle problemen dy`t der
yn in klup binne...oplosse! Hy giet yn ‘e goal stean.
Nei 90 minuten fuotbal is de einstân 0-20.
Ik tink net dat der yn Wergea noch in protte boeren
binne dy`t fuotbalje...mar Auke Piet yn de goal...hoe
soe dat gean?
It is fansels hiel ferstannich om by alles wat der yn de
sportwrâld bart de humor derby te hâlden.
Foarbylden om te gûlen, mar je kinne better laitsje:
Sc-Heerenveen, in jier as 8 lyn... 35 miljoen op de
bank. Fan`t simmer te min jild om in pear spilers te
keapjen. Blatter mei al syn malversaties dy`t gewoan
wer de FIFA liede wol. PSV-Feijenoord: gjin bussen,
treinen of polysjes genôch. Us keepers dy’t gjin sicht
ha op de saneamde swabberballen en de gekste
blunders begean.
By sommige wedstriden 6 skiedsrjochters ...en dan
noch net it ferskil tusken in swalbe en in oertreding
sjen, of it ferskil tusken in korrekte sliding of in swiere
oertreding op ankels of skynbonke.
Jonge fuotballers, talinten fan 18/19 jier dy’t om it jild
fan klup feroarje en no by Ajax (Zivkovic) en
Feyenoord (Basacikoglu) op de tribune sitte
De fytsploech fan Astana mei 5 nije doping gefallen.
En wat te tinken fan de folgjende foarbylden. London,
it fantastyske springhynder foar 8,4 miljoen ferkocht
(de eigener dhr. Visser gie fallyt) mar is lokkich yn
Nederlân by in Nederlânske trainer bleaun, kin dus
foar ús lân nei de Olympyske spelen ..mar is it om te
laitsje of te gûlen wannear in wapenhanneler, de
grutste fan Europa, de keaper is ?....
Jo laitsje hielendal as jo de doelstellings fan al dy
sporters en sportploegen nochris neilêze. Sels yn de
kuorbalwrâld kaam de trainer fan ús topploech LDODK
in moanne lyn mei in doelstelling, of sa`t jim wolle...
mei it útsprekken fan in ambysje. De ploech spilet yn
de earedivyzje fan it kuorbaljen: de saneamde
‘korfballeague’. Se woene, sa sei Jan Sjoerd Pool by
de earste fjouwer einigje. It blykt no dat measte
spilers en spylsters fan slach binne.
No, hjoed, 2 desimber, as ik dit stikje skriuw, ha se
trije wedstriden spile en ek trije wedstriden ferlern.
Dan fyn ik spitich want ik fyn LDODK in sympatike
ploech mei fantastyske spilers en in bêste trainer.
Mar net elkenien hat de sterke fuotten om mei sa`n
doelstelling om te gean...dus earst mar efkes lekker
kuorbalje, spontaan, frij yn de holle fan wedstriid nei
wedstriid libje...en sa no en dan om josels in bytsje
laitsje.
In jier as wat ha ik no sportcolumns skreaun.
Foardat jim sizze ...no witte we it wol...tink ik dat it in
goede saak is it skriuwark efkes del te lizzen, sadat in
oar faaks op in wat oare wize syn/har ljocht skine litte
kin oer sport of bygelyks hiele oare saken. Ik ha it alle
moannen mei in protte niget dien, hoopje dat jimme it
wol aardich fûnen, en as de redaksje mei freget om
ris ynsidinteel in stikje te skriuwen doch ik dat
graach!
Ik winskje alle lêzers in tige sûn en lokkich nijjier!
As lêste wol ik de famylje V.d. Meulen kondolearje
mei it ferstjerren fan Fokke. Sterkte!
Jappie Kooistra
Vogelwacht Idaarderadeel Noord
Op woensdag 28 januari 2015 om 20.00 uur
organiseert onze wacht een natuurfilm avond in Ús
Doapshûs te Wergea. Er worden de volgende films
vertoond:
- Het vogelleven rond het plas/dras gebied bij boer
Murk Nijdam te Wommels.
- De vogeleilanden voor de Engelse en Schotse kust.
- Een herfst/winter film met o.a. de roerdomp.
Ook niet leden zijn van harte welkom.
Er is in een eerdere dorpskrant al door ons verteld
over de positieve effecten van plas/dras bij een aantal
veehouders van onze wacht op de populatie
weidevogels.
Ook voor de andere veehouders in ons nazorggebied
kan de film bij Murk Nijdam interessant zijn.
Wie helpt ons bij het vinden van de roestplaatsen
(slaapplaatsen) van de ransuilen in Wergea, Warten,
Warstiens en Eagum?
Graag even doorgeven aan A. Biesterbosch, tel 058-
2551876 of 06-44864203.
Van 13 t/m 17 januari 2015 is er weer de jaarlijkse
koekactie van onze vogelwacht.
Het bestuur
9
1...,7,8,9,10,11,12,13,14,15,16 18,19,20,21,22,23,24,25,26,27,...36
Powered by FlippingBook