De Havensbank: Desimber 2014 - page 9

Tankbetsjûging
“Lit de lju mar rabje, ik libje gewoan myn eigen libben.
En dat hat er dien.”
Mei dit berjocht yn’e Havensbank wolle wy elkenien tank
sizze foar syn / har blyk fan oandacht en belutsenheid, yn
hokker foarm dan ek, nei it ferstjerren fan ùs heit, skoanheit
en pake op 20 novimber 2014
Fokke van der Meulen
Derneist yn it bysûnder tank oan’e fuotbalferiening VV
Warga, de bestjoerders, frijwilligers yn en rûnom de kantine
en net te ferjitten de âld papier ploech. Mar derneist ek
rjochting de Thùssoarch foar harren fersoarging yn’e lêste
moannen fan syn libben oan’e Grutte Buorren.
“Fokke is 75 jier wurden, mar hat wol foar 100 jier libbe.
It is goed west.”
De help fan eltsenien om op passende wize ôfskie nimme te
kinnen hat ùs tige goed dien.
Ek wolle wy hjirby graach alle lidmaatskippen fan Fokke
opsizze.
Wergea
Simon en Anita, Jurre, Frank
Grou
Sije en Lammie, Leon, Loïs
Wy wolle jimme tank sizze foar it
omtinken tidens har siik wêzen en
nei it ferstjerren fan ús leave mem,
beppe en âlde beppe
Gjetsje Walstra-Boorsma
De herinneringen bliuwe…
Ek wolle wy alle lidmaatskippen
opsizze.
Tryntsje en Wouter
Fetsje en Arie
en bern
Sjoerd hat ien te plak!
In Havensbank earder frege ik: “Wa wit wer A. v.d. Hoek syn winkel yn Wergea stie”? Gjin inkele reaksje. Mar
no is it antwurd der al.
Sjoerd L. Spykstra wit te fertellen dat Albert van der Hoek op de Lytse Buorren wenne yn in net al te beste
wenning. Dy is dêrom ek ôfbrutsen, begjin 1900. Op dat plak hat Bauke Hoogterp in nije wente sette litten.
Op dat stee wennet no de famylje Bijma.
Albert en syn frou Hinke binne ferhuze nei de Hillebuorren. Hjir en ek op ‘e Lytse Buorren wie hy
skuonmakker. Yn dy tiid wiene der 7 skuonmakkers yn Wergea. Hinke hie op ‘e Hillebuorren in winkeltsje. No
wennet op dat plak Gert van der Veen, earder Jehannes en Hinke Mulder.
Op Hillebuorren nr 25 wenne Albert syn broer Hâns mei syn frou Regine. Hy wie fisker. Albert en Hâns wiene
leafhabbers fan jenever.
Fan Hâns wurdt ferteld dat hy en Regine potstro ite soene, doe’t bliken die dat der gjin spekfet yn hûs wie.
Hâns makke him der net drok oer. Hy sei tsjin Regine: “Wat let it, wy dogge jenever yn ’t kûltsje, dat ha we
by’t soad”.
Sybren van der Vlugt
5
1,2,3,4,5,6,7,8 10,11,12,13,14,15,16,17,18,19,...36
Powered by FlippingBook