De Havensbank: Desimber 2014 - page 5

Desimber 2014
Foar Jelle, ponghâlder Havensbank
Tiden ha Tiden. Mar do hast gelokkich de tiid naam!
Nei 26 jier de redaksje fan de Havensbank ferlitte is net neat. Ik bin best benijd wat as der yn dyn holle omgien
is foardatst ta dit beslút kommen bist. Hiest it net mear nei’t sin, hast in oare útdaging fûn, wie dyn 25
e
jubileum
sa moai datst tochtst dat omtinken wol ik oar jier wer? Hast in lyts tipke fan de sluier omheech dien en ús ferteld
dat in kommisje as sokssawat dy frege hat om in nije útdaging oan te pakken. Wy as redaksje tinke datst dêr yn
in letter stadium wolris wat oer skriuwe kinst yn “dyn” Havensbank.
Mar dat is de takomst. Ik bin nei in decennium redaksjelid te wêzen noch mar in broekje yn de redaksje. Ik
klapperje gauris mei de earen as we in diskusje ha oer kopy as wensten binnen de Havensbank. “Ja minsken, dat
hat altyd sa west” kinst hiel moai sizze. By myn witten is der in soad bewarre mar de krekte statuten fan de
Havensbank kin ik net. It liket derop datsto se kinst as dyn broeksbûse. De Havensbank is fan oarsprong in
ferienigingsblêd en hat ta doel de ynwenners fan en út de omkriten fan Wergea op de hichte te hâlden fan it
ferienigingslibben yn Wergea. De ôfspraken mei withoefolle ferienings sitte by dy yn de holle. Dat we as
Havensbankredaksje de iene helte fan it jier yn’t kafé fergaderje en de oare helte yn it Doarpshûs is bygelyks ek
in ôfspraak dy’t grif net eltsenien wit.
Dan de diskusjes, pleatse of net? Jelle do kinst mei fjoer en faasje in leske jaan yn hoe’t it sit en hoest der sels
oer tinkst. Dan giest rjochtop sitten en dan witte we dat der wat komt. In stek ûnder wetter en efkes ien stikelje
tidens de fergaderingen is dyn ding. Frysk hast heech yn’t feandel. Somtiden swart-wyt oer saken dy’t Wergea
oangean. Dan sjogge we ek de doarpsman yn ieren en sinen. Wergea is dyn doarp. Do hast de minsken foar
eagen en kinst minsken sa moai beskriuwe. Dat is ien fan grutte-lytse- wite-kromme-swarte-as hokfoar
bynammen as se ek mar ha, dy wennen froeger dêr en dêr.
Yn ús redaksje wiesto de ponghâlder. Mei in krektens dy’t in “echte amtner” hat hasto mear as dyn paad skjin
makke. Kreaze boekjes, oantekens en bankôfskriften is wat de kaskontrôlekommisje jierliks fynt. Dyn siswizen oer
de finânsjen ha dit wat grize item seker kleur jûn. Op de jierfergadering fan Pleatslik Belang diesto oant no ta it
wurd, oankommend jier silsto, Jelle, lústerje wat in oar derfan bakt.
Al aardich oan’t ein fan dit jier hasto melden datst stopje woest. “Mar dan ha jim noch tiid genôch -6 wike- om in
oar te finen.” Gelokkich hast gelyk krige. We bin der allegear wiis mei dat Ypie Kerkstra dyn opfolcher wurde wol.
Dan de lêste fergadering fan it jier. Ik woe dat in soad fan de lêzers dit ris belibje kinne. We fergaderje koart mei
de redaksje. Dan komme de partners en is it spultsje-jûn. Jelle do bist de lieder en witst der eltse kear wer in
feestje fan te meitsjen. Om jim in idee te jaan hjir de mail dy’t we fannewike krigen. Ik wol it jim net ûnthâlde:
Bêste minsken, Siktaris tige tank foar de altyd wer prachtige útnoeging. Ik soe yn’t foar graach witte wolle, wa
wol as net by de neisit oanwêzich is en dat jildt dus ek foar de partners. Fierder binne alle middels, útsein it
ôfsjen, tastien; jimme meie alles riedplachtsje: i-phone, i-pad,ensyklopedys, mobyltsjes en gean sa mar troch. En
fansels: klean neffens it waar. Jelle.
No nei sa’n berjocht giest der mei nocht en lichtlik triljende knibbels hinne. Wat soe “kwismaster Jelle”wer betocht
ha?
De dei dat ik dit foar dy skriuw is de spultsje-jûn, do hast jûn foar it lêst de lieding.
Henk ús foarsitter sil dy bedanke, der is in blomke foar Janny. Sa komt der in ein oan it tiidrek Jelle, ponghâlder
Havensbank.
Leave Jelle, út namme fan de redaksje en, dêr bin ik wis fan, in soad Wergeasters sprek ik myn tank út foar alle
Havensbank-oeren!
Ut namme fan ‘e redaksje,
Franciske
3
1,2,3,4 6,7,8,9,10,11,12,13,14,15,...36
Powered by FlippingBook